0

Home » Overzicht » Reizen en Taal » Regionalia » Friesche boeken » Juster wie alles oars


Juster wie alles oars - Anneke Sieperda 

Juster wie alles oars

Anneke Sieperda (Auteur)

Paperback 19,95 19,95excl. 3,95 verzendkosten NL
in winkelmand
toegevoegd aan je winkelmand Het luisterboek is helaas uitverkocht en kan dus niet besteld worden.

Yn dit boek bondelt Anneke Sieperda ferhalen oer har eigen libben. Se nimt de lėzer mei op in reis troch de jierren en lit sjen hoe’t de tiid feroaret.
It binne ferhalen dy’t jin glimkje litte om’t se sa werkenber binne, mar ek ferhalen dy’t de lėzer oangripe, omdat se fertelle oer leafde, gemis en ferlies.
Anneke hat in flotte pinne fan skriuwen en wit de karakters yn har ferhalen goed del te setten. Sa wurdt in moai byld sketst fan it libben yn in Fryske mienskip mei grutte en lytse mominten dy’t it libben kleur jouwe.

Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta ûnderwizeres en wurke op ferskillende basisskoallen. Earst as learkrêft en neidat se mem waard fan fjouwer bern as ynfalster. Se spilet toaniel, hat regisseur west en skreau sketsen en stikken, foar toaniel, foar in kabaretselskip en foar jubilearjende ferieningen. Yn 2021 ferskynde har earste roman, Omsjen, in oangripend ferhaal, basearre op it libben fan har mem.


ISBN: 9789463659444


Paperback, 2026, Fries

Liefhebbers van Juster wie alles oars lazen ook: