0

Home » Overzicht » Sport, hobby en vrije tijd boeken » Anne Wadman 1919-1997


Anne Wadman 1919-1997 - Thys Wadman (Redacteur) | 
Jelle Krol (Redacteur) | 
Ernst Bruinsma 

Anne Wadman 1919-1997

Thys Wadman (Redacteur) | Jelle Krol (Redacteur) | Ernst Bruinsma (Redacteur)

Paperback 19,95 19,95excl. 3,95 verzendkosten NL
in winkelmand
toegevoegd aan je winkelmand

Beschrijving

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oant no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje herinneringen op en jouwe analyzes fan syn wurk.

Stichting It Kypmantsje, de Afûk en Tresoar earje Anne Wadman mei dit boek, dat by gelegenheid fan syn hûndertste bertedei ferskynt.

ISBN: 9789493159198


Liefhebbers van Anne Wadman 1919-1997 lazen ook: